Een club die verbroedert

In klup foar elkenien

NIEUWS / 88 jier VV Bergum Egbert Zijlstra
Nieuws afbeelding VV Bergum

88 jier VV Bergum Egbert Zijlstra

8 juni, 2019

Beste Wyt-Swart Burgumers
 
Myn Wyt-Swart fuotbalhert seit: dit barren kin net sammar oan ús foarby gean.
Dérom dit skriuwen oer VV Bergum.
It fielt as in epiloog en tagelyk ek in prolooch oer it fuotballibben yn myn jongereinplak.
Mei de komst fan FC Burgum is in ein kaam oan 88 jier sneins fuotbal yn Burgum.
Sa is it knipt en sa sil it no ek naait wurde.
 
19 januaris 1931 hawwe sa’n 15 trochsetters en dwerskoppen fan it Burgum yn de krisistiid in nije fuotbalclub op skonken holpen.
De wurkwiken bestiene hjertiids út 6 dagen dus allinich op snein koe der fuotballe wurde.
Dizze oprjochters wiene al jierren tsjinwurke troch regeltsjes fan de gemeente Tytjerksteradiel.
“Het zondige zondagsvoetbal”
Dochs bleaunen de frije fuotbalfeinten harren nije sport útfiere.
 
Oeral yn West-Europa en dus ek yn ús lân waarden fuotbalclubs oprjochte.
Yn Hollân wiene hja ús foargien mei HFC Haarlem.
Mar ek tichterby Be Quick út Grinslân en Velocitas út Assen.
Yn Fryslan wiene Frisia, LSC en LVV as earsten mei dit Ingelske spultsje út ein setten.
Dêr kamen landelyke en regionale kompetysjes. Yn Fryslân ûnder lieding fan de FVB Friesche Voetbal Bond.
Der boppe fansels de KNVB.
 
Burgum hie genoch fuotbalmaten om yn de FVB út ein te setten.
It earste âlvetal 1931/1932 wie mei de folgjende spilers:
Marten Zandstra, Eelke Zijlstra, Aldert Popma, Johannes Flisijn, Piet van Os, Piet Zijlstra, Johannes Aalfs, Fillipus Hanewald
Foppe de Boer, Lieuwe Scheffer en sittend keeper Jan Venema


 
Respect foar dizze foarfjochters fan it fuotbal yn Burgum.
88 jier lang hawwe wy de wyt swarte kleuren heech hâlden.
Net allinich op it griene fjild makke de feriening grutte groei troch.
Efter de skermen waerd in protte wurk fersetten.
Sûnder minsken to koart to dwaen, wol ik neame: de Boonstra’s, Dykmannen, Bosma’s, Heidstra’s, Paulusma’s, Lintings, Kloostermannen van Asperen, Kramers, van der Meren de Groten, Postma’s en “good old”Jelle Stellingwerf als archief beheerder.
Allrounder Arent Bekhof fryske tekst dichter Sieds Bosma.
Mister Burgum: Jan Veenstra.
 
Grutte Burgum bestjoerders wiene der fansels ek.
Yn myn fuotbaltiiden fan rûchwei 1950 oan’t 1975 foarsitters:
Ph. Hanewald
A.G. Schols
Fokke Broers
 
Als soan fan doetiids secretaris Eelke Zijlstra waarden wy gauris ynsetten as helpskriuwers en hantlangers. Noch let op paed mei spilerskaerten om sneins 11 man op it fjild to rijen.
Dat mocht dan yn waar en wyn op de solex fan heit.
 
De Âld Box is hjertiids bouwt fan oerbleau hout en stien fan it oannimmers bedriuw fan heit. Eerst mei wetterbakken foar it ôfpielen fan de knibbels nei de wedstriid.
Modder, gers en bloed en fansels noch lang net waarm wetter.
Dat kaam pas letter mei de opgeande tiden.
 
Yn 1974 kaam der in fuotbalkrantsje. It Wyt Swart Nijs.
Burgum hie in dy jieren 7 alvetallen.
Der wie genôch te skriuwen.
Troch de wiike wine der in protte freiwilligers dwaande mei it gearstellen fan dit Wyt Swart Nijs. Tekstskriuwers, wedstriidferslach, typistes.
Dan waard it stancille, niette en fansels beswoarge.
Jierren draaie der fêste ploegen mei in soad wurkfertier, mienskipsnocht en noflike middeis fan hûs.
Yn it jubileum nûmmer 25 jier Wyt-Swart nijs koe men de nammen lêze fan al dy deistige meiwurkers.
 
BCV is oprjochte yn 1949.
In pear jier nei de spanning en ellende fan de WO2.
De spilers fan de Bergumer Christelijke Voetbalvereniging krigen in lape lân njonken it fytspaed. Foarhinne de spoarbaan fan Drachten nij Dokkum.
Ek VV Bergum hat der in paer jier spile, doe it Keningslân opknapt waerd.
It wie in min fjild en it lei in hiel ein út it lead.
De ballen rollen spontaan oer de achterline yn de droege sleat.
 
Wy seagen als jonkjes fan 8 jier jongfeinten fan de “oare skoalle” ek tsjin in bal oanskoppen op ús boattersfjild “It Merkelân”
Dat wiene yn myn tiid:
Okke Hoogland, Ale Boersma, Arie Smit en letter Wiebe Pruis, Theun Doevedans, Foppe Slotegraaf, Hans Douwes.
De mannen fan it earste saterdeis yn Burgum trainden al in skoft op de hynste greide fan Panbakker.
Wy stiene nij harren balkeunsten te sjen en hienen noch gjin benul fan de ferskillen snein- en saterdeis fuotbal.
Mar letter des te mear.
Nij Skoalle tiid fjochtsjen tusken Grouen en Finen.
Tsjin ús nocht gongen wy foar it Aubadesjongen op Kenninginnedei nei Master Spykstra syn skoalle foar samensang op it grintplein.
Rûzjes mei skoalle bern by it trochgean fan de “School met den Bijbel”
It wiene gjin freedsame tiiden.
 
Mar dat wie it ferliene en tiden hawwe tiden en wetten.
Sûnt 2007 wurket de jongerein fan BCV en VV Bergum tegearre onder de namme BBC. De jongerein fuotballet no tegearre.
 
VV Bergum krige yn letter jierren op it Keningsfjild nije buorren.
Op it útwreide Sportcomplex kaam BCV te spyljen.
Oan de oare kant fan de sleat mei toarnbeistikels.
Ek kaam der in nije cantine mei boxen.
De Ald Box fan VV Bergum waard ferfongen.
Der kamen ek oerrinners fan Burgum nei BCV en werom. Dat barde net sa gauw mar in goeie keeper of net slagge spiler ljepte oer de skiedingssleat.
Oan de iene kant harren lok, heil en segen te finen en oan de oare kant it sneinsfertier út te finen.
Lokkich binne dy tiden feroare en spilet eltsenien op ien Sportcomplex.
Ien doarp, ien club: FC Burgum.
 
By myn wyt swart club kamen ek nije krêften fan bûten.
Ex Feyenoorder, GVAV en Cambuur útblinker Henny Weering spile yn syn neidagen noch jierren by Burgum. Fan Cambuur kamen Gerry de Jonge en Hans Hooft.
Mar ek Jan Scheffer, Hans en Peter Lindstedt, B.H. Tempel, gebroeders Piet en Killer van der Werf, K. Henstra, Piter Woudstra, Wiebe Gas Hofstra, Piet Koopmans, Pier Noordmans, Jan Willem Schenk en Arjen Faber.
 
Talinten hat Burgum ek genoch hân:
F.J. Hanewald, keeper Jan van Galen, Broer Huisman, Thomas Heegstra, Jan Hiemstra, Sieds Bosma, Hedzer Jongboom, Sietse van der Meer, Ate Ritsma en Klaas de Boer.
 
Clubiconen fan myn tiid en yn myn beleving:
F.J. Hanewald, Appie Popma, Eelke Zijlstra, Ruurd de Jong, Tjitte Bosma, Broer Huisman, Klaas Kloosterman, Folkert Haarsma en Thomas Heegstra.
 
VV Bergum hat syn lêste wedstriid spile tsjin Grou.
Wedstriiden tsjin Grou roppe fansels oantinkens  by my op.
60 jier werom (1959) kamen wy als jonkies, A-junioren, tsjin Grou te fuotbaljen.
Tusken keardels als Oege van der Wal, Cees Blom, Hibrand Dalstra, Jan Veenstra, Jelle Poeske Dijkstra, Thomas Heegstra, Jelle de Lange, Geert Brands en oanfierder Broer Huisman.
GAVC hie sylbonken as Auke Achenbach en Douwe Leen yn de doe noch grien wite ploech.
Moaie tiiden herleve sille wy mar sizze.
No net ûnder de latte mar lâns de kant fan it fjild noch ien kear de wyt swarten yn aksje sjen en dan oar jier 2019/2020 FC BURGUM op de saterdei middei.
Dizze skriuwer winsket de Fusieklub yn de blauwe kleuren fan de himel, loft en wetter alle succes ta.
 
Egbert Zijlstra
 


Terug

Volgende wedstrijden